Beareloop is de alderleukste

03 maaie 2012 - 22:28

De Beareloop fan Skylge is útroppen ta leukste hurdrinevenemint fan Nederlân. De priis waard tongersdei útrikt yn de Uithof yn Den Haach. De Beareloop krige fan de faksjuery de Running Award. Dy wie bot te sprekken oer de unike beleving foar dielnimmers en taskôgers.

De hurdrinners sels jouwe de Beareloop as rapportsifer in dikke 9. Se koene stimme op de ûnderdielen parkoers, sfear, organisaasje en priis-kwaliteit-ferhâlding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)