PvdA wol dúdlikheid oer iepenbier ferfier op it plattelân

10 aug 2016 - 14:27

De PvdA-fraksje wol fan deputearre Johannes Kramer witte hoe't it stiet mei de oanpak fan it iepenbier ferfier op it plattelân. Neffens de fraksje wurdt der al langere tiid praat oer ynnovative oplossingen, mar sjit it mei konkrete plannen noch net op. De fraksje tinkt sels oan in ferfiersmodel wêrby it iepenbier ferfier sintraal oanstjoerd wurdt.

De fraksje wol hjir graach in diskusje oer fiere yn de steaten, mei om't ynkoarten in nije oanbestegingsproseduere begjint. Derneist wol de fraksje witte hoe't it komt mei it doelgroepeferfier, lykas opstappers en belbussen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)