Reade Krús: amateursporters witte te min oer blessueres

Te min Fryske amateursporters witte wat se dwaan moatte as se in blessuere krije. Dat seit Willem Brink fan it Reade Krús. De helporganisaasje wol no troch in spesjale sportworkshop EHBO dizze amateursporters yn 'e kunde komme litte mei hoe't se hannelje moatte as se in blessuere hawwe. Yn it hiele lân hat mar trije persint fan de Nederlanners in jildich EHBO diploma en dat is te min, fynt de organisaasje. Dêrtroch rinne tefolle sporters in grut risiko op bliuwend letsel.
Tarieding
It persintaazje moat dêrom neffens it Reade Krús nei fyftich persint. De helporganisaasje ropt dêrom alle njoggen miljoen amateursporters yn it lân op om harren better ta te rieden op in mooglike blessuere en mei te dwaan oan de workshop. Sa wurdt der dan oefene mei it oanlizzen fan ferbân en wurdt der útlein wat je beslist net dwaan moatte as je in blessuere hawwe.
Net forsearje
Trochrinne by bygelyks in stikkene knibbel of in harsenskodding moatte je net dwaan. Dat seit Jean Driessen, sportarts fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean. Neffens him forsearje sporters de blessuere noch wolris, om't se ûnder druk stean fan in wedstriid of it team. Mar dit makket de kâns op in twadde blessuere allinnich mar grutter en op langere termyn is de skea somtiden dan net te oersjen, bygelyks it konsintraasjefermogen by in harsenskodding, sa seit de sportdokter.