Gjin Wetterpoartshow yn Snitser Feemerkhal

10 aug 2016 - 12:25

De plomfee- en knineferiening Snits (PKV Snits) sjocht dit jier ôf fan de jierlikse Wetterpoartshow yn de Snitser Feemerkhal. De feriening hat besletten om de trijedeiske show fan oankommende novimber te skrassen, omdat it dak fan de Feemerkhal lek is en de gemeente Súdwest-Fryslân net fan doel is om it dak te renovearjen.

Spitich

Foarsitter Ruurd Bosma fan de 104 jier âlde PKV Snits fynt it wol bysûnder spitich dat de show net trochgiet, want de Wetterpoartshow is ien fan de âldste en grutste shows op it mêd fan plomfee en kninen. Ferline jier wienen sa'n 1700 bisten út Snits en fiere omkriten op de Wetterpoartshow te bewûnderjen. De feriening hat ek al op syk west nei in alternative lokaasje yn Snits, mar dy net fine kinnen.

Letter dit jier beslút

De gemeente Súdwest-Fryslân seit bekend te wêze mei de lekkaazje yn de Feemerkhal en hat alle hierders fan it kompleks hjiroer ynformearre. Súdwest-Fryslân stribbet dernei om letter dit jier in beslút te nimmen oer hoe't it fierder moat mei it kompleks. Oant dy tiid wurdt it dak net renovearre, seit wurdfierder Marco van der Meer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)