Fûgelwachtersbûn set yn op behâld fan greidefûgels

10 aug 2016 - 12:03

It fûgelwachtersbûn BFVW set de kommende tiid fol yn op it behâld fan de greidefûgels. Dy ferlieze hieltyd mear terrein oan it moderne buorkjen en troch rôfdieren lykas de foks. It bûn lit dêrom ûndersyk dwaan nei de oerlibbingskânsen fan jonge ljippen. De útkomsten fan it ûndersyk troch it ûndersyksburo Altenburg en Wymenga moatte it bûn helpe by it ferbetterjen fan de neisoarch.

Neffens it BFVW is it needsaaklik dat in diel fan de lânbougrûn oars ynrjochte wurdt om de oerlibbingskânsen foar greidefûgels te ferbetterjen. It stribjen fan it bûn is om tsientûzen hektare lânbougrûn sa yn te rjochtsjen dat in goed leefklimaat foar de greidefûgels ûntstiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)