Hast gjin problemen mei lânbouferkear yn Littenseradiel

© Omrop Fryslân
Der binne hast gjin problemen mei it lânbouferkear yn de gemeente Littenseradiel. Dat docht bliken út ûndersyk troch in studint fan de NHL. De gemeente hie opdracht jûn foar dat ûndersyk, nei't ynwenners oanjûn hiene dat se harren faak net feilich fiele mei it swiere lânbouferkear yn de buert.
No't de sifers bekend binne, docht bliken dat der hast gjin ûngelokken mei trekkers barre en dat net in soad meldingen dien binne fan ûnfeilige ferkearssituaasjes mei lânbouferkear. De gemeente sil ynkoarten mei de ried prate oer de útkomsten fan it ûndersyk. Dan wurdt ek dúdlik oft der al of net maatregels naam wurde.