Grouster oppakt foar koperstellerij yn Jellum

10 aug 2016 - 10:26

In 51-jierrige koperdief út Grou is tiisdeitenacht by Weidum oanhâlden. Syn auto lei fol mei stellen koperen reinpipen. Dy hie de man stellen by it tsjerke yn Jellum. In tsjûge hie de man dêr sjoen en warskôge de plysje. Dy seach de man by Boksum riden en sette him by Weidum oan de kant.

De plysje ûndersiket oft de man ek ferantwurdlik is foar de stellerij fan de seis meter lange koperen reinpiip fan de tsjerke yn Wurdum. Dy stellerij waard tiisdeitemiddei ûntdutsen.

Trefwurden: 
koper stellerij plysje Weidum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)