Buorkerij yn Nijemardum organisearret boerelunsj

Op buorkerij De Bekedamster yn Nijemardum wurdt tongersdei in spesjale boerelunsj organisearre. De boeren yn Nederlân kinne wolris rekkenje op krityk fan boargers en bygelyks miljeuaktivisten. Mei de boerelunsj wolle de boeren har kant fan it ferhaal beljochtsje.
Nei ferwachting sille sa'n 250 minsken genietsje fan lekkere boereprodukten, in goed selskip en in prachtige lokaasje. Doel is ek om boargers mear bewust te meitsjen fan de oarsprong fan harren iten.