HCL krijt Aldehou-skilderij Jentsje Popma

09 aug 2016 - 20:17
  • '5 over 12' voor de pispaal van Leeuwarden' fan Jentsje Popma

It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat it skilderij ''5 over 12' voor de pispaal van Leeuwarden' fan keunstner Jentsje Popma yn syn besit krige. Popma makke it skilderij foar in eksposysje yn 1994. Dy hie as doel jild yn te sammeljen foar de restauraasje fan de Aldehou. Ferline jier gie it skilderij mei de hiele kolleksje fan Popma oer nei de stichting Nijkleaster yn Jorwert. Dy hat it no oanbean oan it histoarysk sintrum HCL yn Ljouwert.

Popma makke it skilderij yn it ramt fan syn wurk oer de achterútgong fan it Fryske lânskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)