CDA, CU en PvdA fierder mei koälysjepetearen Achtkarspelen

09 aug 2016 - 17:49
  • Gemeente Achtkarspelen

It CDA, de ChristenUnie en de PvdA yn de gemeente Achtkarspelen prate fierder oer in nije koälysje. De trije partijen hawwe de ôfrûne wiken oerlein en sizze dat der genôch grûn is om dat troch te setten. Se hawwe dêr ek al ôfspraken oer makke.

In moanne lyn stapte de PvdA yn Achtkarspelen út de koälysje mei de FNP en Gemeentebelangen fanwege in fertrouwensbreuk. Dêrnei sei in mearderheid yn de ried it fertrouwen op yn alle trije wethâlders.

Sûnt dy tiid sit Achtkarspelen feitlik sûnder bestjoer. De wethâlders hannelje allinne noch rinnende saken ôf. Polityk gefoelige kwestjes bliuwe lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)