Bewenners Eezicht yn aksje tsjin stikkene lift

09 aug 2016 - 17:34
  • Bewenners Eezicht hawwe harren nocht fan de stikkene lift
  • Eezicht yn Ljouwert leit oan de Ie

Der binne grutte problemen mei de lift yn senioarekompleks Eezicht yn Ljouwert. Om it hurtsje is de lift dêr stikken en hieltyd wer moat de brânwacht de minsken út de lift befrije. In protte âlde bewenners kinne net mei de trap nei ûnderen ta, dat se kinne net fan de ferdjipping ôfkomme as de lift wer ris stikken is.

Makeler Hoekstra is ferantwurdlik foar de lift. De bewenners wolle dat de makeler der jild yn stekt, sadat it probleem ferholpen wurdt. Dêrfoar wolle se him in petysje oanbiede.

Afke de Wit fan makeler Hoekstra snapt dat der protte frustraasje is by de bewenners, mar se giet der fanút dat de problemen no oplost binne. Der hat tiisdei wer in monteur west. Yn in brief oan de bewenners hat De Wit útlein wat foar problemen der west hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)