Histoaryske stichting siket skûtsje yn Afrika

09 aug 2016 - 16:47

De stichting Foar de Neiteam, dy't de skiednis fan it skûtsjesilen fêstleit, is op syk nei in skûtsje yn Afrika. De Roerdomp, it lêste skûtsje dat boud is op de werf Bûtenstfallaat yn Drachten, skynt dêr bedarre te wêzen. Frits Jansen fan de stichting soe dat skûtsje stommegraach weromfine wolle "En sa binne der ek noch trije Piipster skûtsjes, dy stean bekend as hiele flugge skûtsjes, dy't we wol graach opspoare wolle."

Foaral it lêste healjier giet de syktocht dat it slydjaget. Dat komt troch oproppen op Facebook. Jansen: "Hast alle dagen komme der tips binnen. Faak fan skûtsjes dy't al bekend binne, mar sa no en dan sit der ek wat tusken dat we noch net wisten".

Der binne mei-inoar 870 skûtsjes boud, 450 dêrfan binne yntusken al trasearre troch Foar de Neiteam. Allegear weromfine sil net slagje, want der binne ek skûtsjes sloopt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)