Nije metoade fan drainaazje tsjin ferdrûging feangebieten

09 aug 2016 - 16:16
  • Proef mei nije drainaazjemetoade moat fean minder ferdrûge meitsje

In drainaazjeproef fan Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân moat derfoar soargje dat de hichte fan it grûnwetter yn feangebieten tenei better te regeljen falt. Op dit stuit drûgje in soad feangebieten út fanwege de lege wetterstân. Dat hat neidielige gefolgen foar de natuer en foar de boeren dy't yn it gebiet buorkje, omdat der amper mear wat groeie wol.

Oer in jier of trije moat dúdlik wêze oft de nije ôfwetteringsmetoade fertuten docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)