Kenneth Otigba giet ien seizoen nei Kasimpasa yn Turkije

Kenneth Otigba © AWfoto.nl
Ferdigener Kenneth Otigba fan Sportklup Hearrenfean spilet komend seizoen bij it Turkske Kasimpasa SK. Dy klup hiert de 23-jierrige Hongaar foar ien seizoen. Sjoen de ûntwikkelingen yn de seleksje is it belangryk dat Otigba yn Turkije in soad spyltiid krijt. Dat kin er him fierder ûntwikkelje, seit technysk manager Gerry Hamstra.
Otigba kaam oer út Hongarije nei Hearrenfean doe't er 16 jier wie. Hy kaam 82 kear yn aksje foar it earste en skoarde acht kear.