Yn Fryslân wurdt amper biologysk buorke

Der wurdt yn Fryslân amper biologysk buorke. Ut sifers fan it Sintraal Buo fan de Statistyk docht bliken dat yn ús provinsje sa'n 2 prosint fan de lânbouboeren biologysk wurket. Yn buorprovinsje Flevolân is dat persintaazje folle heger. Benammen by Lelystêd en Dronten buorket mear as 15 prosint fan de boeren biologysk.
Neffens Teun de Jong fan it Ikkerboufakbûn is de ferklearring dat Fryske boeren harren mear op de eksport rjochtsje en yn it bûtenlân wolle se in konstante oanfier fan hege kwaliteit. Dat is mei biologysk buorkjen net te dwaan.