Jonge man krijt tagongsferbod

© ANP
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht fan moandei op tiisdei in 17-jierrige jonge út it Oeriselske Deventer oanhâlden. De jonge woe in kroech yn de Alde Doelesteech yn, mar mocht dit net. Hy waard balstjurrich en drige de ruten yn te smiten. De plysje joech de knaap in tagongsferbod.
In 49-jierrige Ljouwerter dy't moandeitemiddei mei twa messen oer strjitte rûn, is oanhâlden. De man waard op it Ruterskertier oanhâlden en syn messen waarden yn beslach naam. De man hat proses-ferbaal krigen.