Kultuer histoarysk erfgoed by It Fryske Gea

It ûnderhâld fan kultuer histoarysk erfgoed wurdt hieltyd wichtiger foar It Fryske Gea. De natuerbeskermingsorganisaasje hat fan septimber ôf in meiwurker dy't him dêr folslein mei dwaande hâlde sil. No wurdt der al hurd wurke oan it behâld fan de Slachtedyk, ferskate parken en bygelyks einekoaien. It grutte ûnderhâld wurdt dien troch it Gea sels, al it hânwurk troch frijwilligers. By de einekoaien binne de frijwilligers alle wiken op moandei yn it spier.
Yn de koaien sitte amper noch einen. It Gea wol se foaral behâlde om sjen te litten hoe't der eartiids einen fongen waarden. Dêrneist binne it ek oazen fan rêst yn it lânskip. In soad fûgels briede der en der komme bysûndere planten foar.