Kyllizzing foar rederij Doeksen yn Fjetnam

© Rederij Doeksen
Yn Fjetnam is tiisdei de kyl lein fan it twadde skip dat rederij Doeksen bouwe lit. It lizzen fan de kyl op de werf fan Strategic Marine yn Vun Tao wie tagelyk it startskot fan de bou fan de twa skippen. It giet om aluminium katamarans dy't farre op floeiber ierdgas.
De bou kostet 44 miljoen euro. Yn 2018 moatte de skippen klear wêze. Neffens direkteur Paul Melles fan Doeksen binne guon dielen fan it skip al klear en hoege dy allinnich noch mar oanelkoar keppele te wurden.
Fanwege it miljeufreonlike karakter fan de skippen, krijt Doeksen 1,2 miljoen euro fan it Waadfûns.
De bou is te folgjen op in spesjale webside: www.denieuweschepenvandoeksen.nl.