Friezen kinne bêst sûnder plestik taskes

Friezen ha har fluch oanpast oan it ferbod op plestik taskes. Fan 1 jannewaris ôf is it yn hiel Europa ferbean om fergees plestik taskes fuort te jaan. Dit om't de taskes foar in grut miljeuprobleem soargje. Friezen nimme faak sels in tas mei en winkellju binne oerstapt op papier, of rekkenje in lyts bedrach foar de taskes. Dêrtroch is it gebrûk fan plestik taskes yn winkels mei de helte werom rûn.
By Vermeulen Verpakkingen yn Ljouwert fernimme se bot dat der minder taskes brûkt wurde. Sy ferkeapje 40 oant 50% minder oan har klanten. Foar in grut part is dat wol wer opfongen om't de winkellju yn stee dêrfan papieren of linnen tassen bestelle.
Der lykje amper winkellju te wêzen dy't de regels oertrede. Lanlik binne der troch de ynspeksje foar Leefomjouwing en Transport noch mar 20 warskôgings útdield. Dochs binne der wol fraachtekens by de regeljouwing.