Michel Bletterman slim teloarsteld yn Yuri van Gelder

09 aug 2016 - 11:10

Turner Michel Bletterman fan Ljouwert kin it net leauwe dat Yuri van Gelder nei hûs ta stjoerd is. Hy lies it berjocht tiisdeitemoarn doe't er wekker waard en tocht noch dat it net wier wie. Hy is bot teloarsteld yn Van Gelder: "Dan heb je die droom om naar de Olympische Spelen te gaan en dan verknal je het. Ik had daar ook kunnen staan."

Michel Bletterman wie lid fan de ploech dy't kwalifikaasje foar de Spelen ôftwong. Yuri van Gelder die doe net mei, mar mocht wol nei Rio de Janeiro. Bletterman sit teloarsteld thús as reserve.

Reaksje Tjalling van den Berg

Turncoach Tjalling van den Berg is net ferrast dat Van Gelder de mist yn gong is. De turner is troch NOC*NSF nei hûs ta stjoerd om't er him net oan de teamregels hâlden hat. "It is onfoarstelber dom fan him. Van Gelder hat gjin dissipline, en dat hat no dus grutte gefolgen." Van den Berg tinkt ek dat de sitewaasje konsekwinsjes hat foar de oare turners, lykas Epke Zonderland. "It gegeven dat der oer praat wurdt, dat hat gefolgen foar dyn fokus. Dat alle persfragen rjochting Epke allinne mar oer Yuri gean sille, dat is net goed foar dyn fokus."

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)