Kollum: "CJIB tikflater diel 2"

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.
"Ferline wike tiisdei ha ik jimme oer myn bekeuringsperikelen ferteld. Even koart: Wy kamen werom fan fakânsje en doe lei der in oanmoanning fan it CJIB omdat ik troch in typfout in pear euro te min bekeuringsjild betelle hie. Ik moast der nochris 23.50 euro oerhinne betelje. En nee, Eelke, dat is net skriuwen om begrutsjen te generearjen, mar myn doel wie om te besykjen de minslike mjitte te finen tusken in oerheidsynstelling dy’t net it meast favoryt is by de boargers, en de gewoane man/frou op strjitte. In mailtsje fan it CJIB om oan te jaan dat der krekt wat te min jild oermakke is, soe dat op in simpele wize al foar in part bewurkstelligje kinne. Der kamen in soad reaksjes op dy kollum. Dat is moai. Myn dochter sei in dei as wat letter dat der in frou belle hie, dy’t wat oer dy kollum sizze woe. Se soe wol wer belje. No kin dat twa kanten út. It koe ien wêze dy’t seit dat ik my dan mar oan de regels hâlde moatten hie, dan hie ik ek gjin boete krigen. Of se soe my gelyk jaan kinne en in yn in telefoanyske tirade tsjin it CJIB útbarste. Je kinne fan alles ferwachtsje. Ik ferwachte dat se net wer belje soe. Mar ik wie mis. In dei letter gie de telefoan en ik krige in dame oan de lijn mei in swier Brabânsk aksint. Se fertelde my dat se fan it CJIB wie en dat se even wat oer de my opleine sanksje kwyt woe. Nammentlik dat nei neiere bestudearring fan de kasus yn kwestje, myn bekeuring en de ôfwikkeling dêrfan, ien en oar mis gien is. By my, omdat ik te min betelle ha, mar ek by it CJIB, omdat dy by in gefal as dit, wol degelik maatwurk besykje te leverjen. Sei se. Wy rekken yn petear. Se lei út dat gewoanwei neffens de proseduere de wanbeteller op de hichte brocht wurde moat en de kâns krijt om de restskuld te foldwaan. It senario sa as ik dat foarstelde blykt yn prinsipe dus al sa te wurkjen. Mar der wie by harren wat mis gien en dêrfoar bea se har ekskús oan. Ik krij de ferheging fan de boete werom op myn rekken en dêr krij ik ek noch skriftelike befêstiging fan, sei se. ‘Maar niet in het Fries, hoor.’ No, dat is net sa slim, wy Friezen kinne ús net allinnich yn it praten fan ús eigen taal tige goed ferbrekke mar ek op skrift slagget dat foar wûnder, dus dêr sjoch ik gjin probleem yn.
Ik ha har tank sein en soe hast de ferbining ferbrekke, mar ik wie eins wol nijsgjirrich en frege hoe’t se dizze flater no op it spoar kaam wienen. Want ik hie de oanmoanning ek al betelle. Dus it jild wie binnen, wat sille je dan as oerheid noch úthelje? Se sei dat se alle dagen it ynternet monitoarje, bygelyks op stekwurden as CJIB. En sa wienen se by myn kollum fan ferline wike útkaam. Big brother is wachting you. Nei oanlieding dêrfan ha se de saak opnij besjoen. Ik wol net erchtinkend wêze, mar hoefolle brave boargers dy’t in net sa bedoeld foutsje meitsje by it oermeitsjen fan boetejild sille stilswijend de opleine ferheging betelje en der nea wer wat fan hearre? Ik kin my net yntinke dat myn gefal op himsels stiet. Der sille grif folle mear saken as dy fan my wêze. Doe tocht ik, as ik no net kollumnist by Omrop Fryslân wie, gjin webside hie, net oan Facebook, Twitter en oare sosjale media die, soe myn kasus dan ek opnij besjoen west ha?"