Bouwmeester klimt sûnder te silen nei earste plak

09 aug 2016 - 01:23
  • Marit Bouwmeester yn aksje

Sûnder te silen is Marit Bouwmeester op de Olympyske Spelen opklommen nei it earste plak yn de Laser Radial klasse. De koprinner, de Sinese Xu, hat in diskwalifkaasje krigen nei in protest fan de Amerikaanse Page Railey yn de twadde race. Dêrtroch sakket de Olympysk kampioene fan fjouwer jier lyn fuort yn it klassemint en klimt Bouwmeester fan it twadde nei it earste plak.

Yn de Laser Radial Klasse begûn Bouwmeester min yn de earste race en moast se oan in ynhelrace begjinne. Se klom fan it 18e nei it sechsde plak. Yn de twadde race lei se by de earsten, mar krige se in giele flagge. Dêrtroch sakke se nei in achtste plak, wat se letter wer ophelle nei it fyfde plak. Dat fyfde plak waard troch de diskwalifikaasje fan Xu in fjirde plak.

Eltse dielnimmer mei oan de ein fan harren tsien races ien resultaat ôflûke fan har puntetotaal.

Stân nei twa races (fan 10 en medaljerace):

1 NED BOUWMEESTER Marit 10
2 DEN RINDOM Anne-Marie 13
3 IRL MURPHY Annalise 14
4 BEL VAN ACKER Evi 14
5 AUS STODDART Ashley 14
6 USA RAILEY Paige 17
7 ARG FALASCA Lucia 18
8 CZE KOZELSKA FENCLOVA Veronika 18
9 FIN TENKANEN Tuula 20
10 CRO MIHELIC Tina 21
11 SWE OLSSON Josefin 22
12 GBR YOUNG Alison 30
13 BLR DROZDOVSKAYA Tatiana 33
15 BRA DECNOP Fernanda 33
23 Xu 41

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)