Marit Bouwmeester begjint mei sechsde plak

Marit Bouwmeester © Richard Langdon
Marit Bouwmeester is yn har earste race op de Olympyske Spelen sechsde wurden. Bouwmeester hie in minne start, mar wurke har goed nei de foarein. Op it wetter yn de baai fan Rio gong de winst yn de Laser Radial nei Annalise Murphy fan Ierlân. De Belgise Evi van Acker waard twadde, Xu Lijia út Sina waard tredde. Xu Lijia is de Olympysk kampioen fan 2012 yn Ingelân, Bouwmeester helle doe sulver.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.