Skylge betinkt brannen yn rampjier 1666

08 aug 2016 - 19:21

Rampjier 1666 wurdt freed oer in wike betocht op Skylge. 350 jier lyn sette de Ingelsen foar de kust fan Flylân 150 frachtskippen yn de brân. Sawat twatûzen opfarrenden kamen om it libben. In dei letter baarnden de Ingelsen it doarp West-Skylge plat.

Ien kear yn de fyftich jier wurde de twa rampen betocht op Skylge. De offisjele betinking is op 19 augustus yn de Westertsjerke. Luitenant-generaal Rob Verkerk, admiraal fan de Nederlânske striidkrêften, en de Ingelske kolonel Steve Francis fan de Royal Marines binne dêrby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)