It Fryske Gea set yn op behâld erfguod lykas einekoaien

08 aug 2016 - 17:36

It ûnderhâld fan kultuerhistoarysk erfguod wurdt hieltyd wichtiger foar It Fryske Gea. De natuerbeskermingsorganisaasje hat fan septimber ôf in meiwurker dy't him dêr folslein mei dwaande hâlde sil. No wurdt der al wurke oan it behâld fan de Slachtedyk, ferskate parken en bygelyks einekoaien. It grutte ûnderhâld wurdt dien troch it Gea sels, it hânwurk troch frijwilligers. Dy binne alle wiken op moandei yn de einekoai yn it spier.

Yn de koaien sitte suver gjin einen mear. It Fryske Gea wol se foaral behâlde om sjen te litten hoe't eartiids einen fongen waarden. Dêrneist binne it ek oazes fan rêst yn it lânskip. In soad fûgels briede dêr en der komme bysûndere planten foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)