De Lits yn Eastermar krijt der 90 sjalets by

08 aug 2016 - 17:23
  • De Lits is in jachthaven mei kemping en húskes

De earste wurksemheden binne al úteinset, mar nei de boufak gean se dan echt los. Wettersportbedriuw De Lits út Eastermar mei fakânsjepark riget der dit jier njoggentich sjalets by. Der stean al tweintich sjalets. Der is no tastimming fan de gemeente om mear te bouwen. Dat seit eigner Foppe Antonides fan it fakânsjepark.

De plannen foar de útwreiding lizze der al jierren, mar it slagge hieltyd net troch in soad wjerstân yn de omkriten fan it doarp. De earste sjalets moatte fan 't hjerst klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)