Ljouwerter bliuwt mei 3000 húskerollen sitten

It hûs fan Ljouwerter Keimpe Huging sit fol mei húskerollen. Seis wiken lyn hat er 3000 wc-rollen meitsje litten mei it logo fan it Centraal Justitieel Incassobureau derop. Huging woe se ferkeapje om sa fan syn skulden ôf te kommen. Mar de hannel rint net goed. Op it stuit hat er noch gjin tweintich rollen ferkocht en no stiet syn hûs fol stiet mei wc-papier.
Huging makket him noch gjin soargen. As er net alle húskerollen kwytrekket, hat er yn elts gefal de kommende jierren genôch foar eigen gebrûk.
De húskerollen bin hjirre te bestellen.