Plysje skriuwt 38 bekeurings út op N31

08 aug 2016 - 16:57

De plysje hat de ôfrûne twa wiken 38 bekeuringen útdield by kontrôles op de N31. De measte minsken krigen in bon omdat se te hurd rieden. Fjouwer fan harren moasten it rydbewiis ynleverje. Der waarden ek bekeuringen útdield oan minsken dy't de riem net omhiene, of omdat se troch read rieden of omdat se sieten te beljen ûnder it riden.

De plysje kontrolearret de lêste tiid wol gauris op de N31, omdat der geregeld te hurd riden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)