Dokkumer famylje stekt flagge út foar Anna van der Breggen

08 aug 2016 - 16:34
  • Flagge út foar Gouden Anna van der Breggen yn Dokkum
  • Sierk Jan lokwinsket syn Anna
  • Wichard en Hannie de Haan binne grutsk op de medalje fan harren skoandochter Anna

Yn Dokkum gie sneintejûn de flagge út fanwege de Olympyske titel fan hurdfytster Anna van der Breggen. Sy wennet yn Zwolle tegearre mei âld-hurdfytser Sierk Jan de Haan. Syn âlden wenje yn Dokkum en dêr wie it sneintejûn feest doe't Anna winnend oer de einstreek kaam. Sierk Jan is de ôfrûne jierren trainer-coach by de Rabobankploech dêr't Anna ek by sit. Hy makke ek har trainingsskema's en sa is de bân ûntstien.

Anna van der Breggen komt woansdei yn aksje op de tiidrit. Dêr is se ien fan de favoriten.

Sierk Jan hat gjin akkreditaasje yn Rio de Janeiro, mar hy slagge der fuortendaliks nei Anna har oerwinning wol yn om by de finish te kommen.

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os of op de omropapp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)