UPDATE: Earnewâld wint skûtsjesilen by Wâldsein

08 aug 2016 - 16:28
  • Earnewâld wint skûtsjesilen by Wâldsein
  • Earnewâld giet as earste op de finish ôf

Earnewâld hat moandei it skûtsjesilen op de Hegemer Mar by Wâldsein wûn. Drachten einige as twadde en Snits as tredde. Fanwege de hurde wyn waard de start útsteld, mar flak nei healwei trijen giene de skûtsjes dochs los.

De oaren kamen binnen yn dizze folchoarder: 4, Langwar, 5. Akkrum, 6. Ljouwert, 7. De Lemmer, 8. Huzum, 9. Grou, 10. It Hearrenfean, 11. De Heale Moanne 12. De Jouwer, 13. Wâldsein, 14. Súdwesthoeke

Snits stiet boppe-oan yn it klassemint, folge troch Earnewâld en Akkrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)