Sân jier foar strjitrôven

03 maaie 2012 - 16:37

It hôf hat tongersdei yn heger berop dik sân jier selstraf oplein oan in man dy't yn oktober 2007 in tal strjitrôven yn Ljouwert begien hat. It Iepenbier Ministearje hie 10 jier finzenisstraf easke. It gie om twa gewelddiedige strjitrôven en twa pogingen dêrta.

De doe 22-jierrige fertochte en syn kompaan makken dy jûn oant fjouwer kear ta in slachtoffer, omdat se fûnen dat se te min jild rôve hiene. Ien fan de slachtoffers waard mei in mes stutsen. De rjochtbank lei de dieder earder in straf fan 10 jier op, nei in eask fan 13 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)