"Doch rioelheffing omheech"

03 maaie 2012 - 15:44

Ynwenners fan de gemeente Smellingerlân wolle wol mear rioelheffing betelje as dêrmei de problemen mei it grûnwetter goed oanpakt wurde. Dat is ien fan de útkomsten fan in enkête fan dy gemeente.

Yn 2013 krijt Smellingerlân in nij wetterplan en de gemeente wol yn dit plan safolle mooglik de miening fan de boargers belûke. Mei-inoar hawwe der 450 ynwenners reagearre op de enkête. Mooglik wurdt by in nij wetterplan op 'e nij nei de miening fan de ynwenners frege.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)