Suvelmanifestaasje yn Beilen

FrieslandCampina © ANP XTRA
Sa'n sechstich wurknimmers fan suvelkonsern FrieslandCampina ha tongersdei yn Beilen byelkoar west om te praten oer de CAO yn de suvelsektor. Der is nei moannen fan ûnderhanneljen noch altyd gjin resultaat. It personiel is hjir lilk om.
FrieslandCampina biedt 1,25 persint leansferheging en dat fine de wurknimmers te min. Sy wolle trije prosint derby. Fierder wolle se dat der nachttsjinstregelingen komme foar âldere wurknimmers. Fakbûnen en wurkjouwers sitte nije wike wer meielkoar om 'e tafel.