Eask fan 18 jier yn saak Bouma

03 maaie 2012 - 14:26

Tsjin de skoandochter fan Pietje Bouma út Frjentsjer is yn heger berop 18 jier sel easke. De frou waard earder ta tolve jier sel feroardiele fanwege deaslach op har skoanmem. Dy waard maart 2010 om it libben brocht yn har hûs yn Frjentsjer.

It Iepenbier Ministearje gie tsjin de tolve jier sel yn berop, omdat it fynt dat it om moard giet en dêrom in hegere straf jûn wurde moat. De advokaat fan de skoandochter pleite opnij foar frijspraak omdat syn kliïnt belutsenheid ûntkent.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)