Aksjeplan jout jongeren baan

03 maaie 2012 - 12:16

Sechtich jongeren binne troch it Actieplan Jeugdwerkloosheid oan it wurk kaam. Wurkjouwers yn Fryslân koene it ôfrûne healjier in bedrach fan 1500 euro krije as se in jongere tusken de 18 en 27 in baan joegen. Fanwege de hjoeddeistige ekonomyske situaasje falt it krekt foar de jongerein bot ôf om wurk te finen en dizze aksje moast hjir feroaring yn bringe.

Noch net alle 60 wurkjouwers hawwe de 1500 euro krigen, want de jongere moat earst twa moanne oan it wurk wêze. It is noch net dúdlik oft der op 'e nij sa'n aksje komt.

It hat bliken dien dat de regels foar wurkjouwers aardich strikt wiene en boppedat is it noch mar de fraach oft der nei septimber wol wer in subsydzje mooglik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)