Sineesk kontrakt Achterbosch

De hannelsreis fan de gemeente Ljouwert nei de Sineeske stêd Liyang hat arsjitekteburo Achterbosch út Ljouwert in moai kontrakt opsmiten. In Sineeske projektûntwikkeler wol 6 fan de troch Achterbosch ûntwikkelde Lotuswenningen bouwe. Dizze driuwende wenningen binne folslein enerzjysunich omdat se makke binne fan sinnepanielen.
De ûntwikkeler woe eins it patint op de Lotus wenning oernimme, mar dat wol Achterbosch net. Der binne ek plannen om yn Fryslân dizze opmerklike wenningen te pleatsen.