Ynbraken Fean mooglik oplost
De plysje tinkt mei de oanhâlding fan trije manlju út Ljouwert, It Hearrenfean en De Jouwer twa ynbraken yn in restaurant op It Hearrenfean oplost te hawwen. Ein maart en begjin april waard dêr iten en drank stellen.
De fertochten koene oppakt wurde omdat se troch tsjûgen herkend wiene. De manlju sitte noch fêst, omdat se al faker betrape binne op oertredings.