Oanhâlding foar stoarten ôffal

03 maaie 2012 - 10:25
  • Plysjemotor

De plysje hat in 27-jierrige ynwenner fan Wolvegea op 'e bon slingere fanwege it yllegaal stoarten fan ôffal.

Omwenners hiene sjoen dat de man woansdei fiif plastyk pûden mei húshâldlik ôffal achterliet op de Oude Maden yn Aldlemmer. Ut it ûndersyk dat de plysje dêrnei die, die bliken dat it fan de ynwenner fan Wolvegea wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)