FrieslandCampina grutste

03 maaie 2012 - 08:37
  • FrieslandCampina

FrieslandCampina is fierwei de grutste agraryske korporaasje fan Europa. Dat docht bliken út in rapportaazje fan de Nationale Coöperatieve Raad. FrieslandCampina hat in omset fan 9,6 miljard, en realisearre in groei fan 7 persint. Ek de nûmmer twa fan grutste agraryske korporaasjes yn Europa is in Nederlânsk bedriuw, it fleiskonsern Vion Food. Yn de ranglist fan hûndert troch boeren bestjoerde bedriuwen yn Europa stean alve Nederlânske konserns, sa stiet te lêzen yn de rapportaazje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)