Spannende tiid foar Van Gerner

02 maaie 2012 - 18:08
  • Celine van Gerner

Der komme spannende tiden oan foar de Nederlânske turnsters. Nije wike is it EK turnjen yn Brussel. Foar Céline van Gerner fan turnskoalle Hearrenfean is it noch ekstra spannend. Sy is yn striid mei Wyomi Masela foar in ticket foar de Olympyske Spelen.

Céline van Gerner hat krekt as Jeffrey Wammes in rjochtsaak tsjin it turnbûn wûn. Har konkurrinte Masela wie oanwiisd, mar dat is troch de rjochter weromdraaid. De striid leit no hielendal iepen. Op it EK moat no foarmbehâld toand wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)