Epke: "Noch altyd lêst, mar dat komt wol goed."

Turner Epke Zonderland hat noch altiten lêst fan syn fingers. En dat sil nije wike, as hy de Olympyske finale op de rekstôk turnje moat yn Rio, net oars wêze seit er. Dochs makket Epke him der gjin soargen oer: "Ik ha der al seis wiken lêst fan en dat sil no yn in dikke wike net herstelle. Mei de flechteleminten ha ik der gjin lêst fan, mar yn it twadde diel fan de oefening wol wat. Dan brûk ik de ûnderhânske greep."

Konkurrinten

Zonderland helle yn de kwalifikaasjewedstryd sneon in tredde plak. Foar de finale, moarn oer in wike, sjucht er der Dútser Fabian Hambüchen as syn grutste konkurrint. Al syn oare konkurrinten, Uchimura, Tanaka en Zhang foelen allegear fan rekstôk. "Dat is wol apart ja. Gewoanwei kinne fiif turners boppe de 16 punten turnje, no eins noch mar twa. Mar dêr sit ek it gefaar yn. Dat je dan berekkenjend turnjen gean. Dat moat ik dus út myn holle helje. Gewoan myn eigen oefening turnje."

Lotting

De lotting foar de finale hat ek west. Epke komt as twadde yn aksje, Hambüchen as earste. "Dat is op himsels wol in foardiel. Mar ik moat ek tinke om de turners efter my."

Oefening

Epke sil besykje yn de finale fjouwer flechteleminten út te fieren. Hy liet yn de kwalifikaasje it fjirde flechtelemint lizze, de Gaylord 2. "Mar dat wie bewust. Ik twivele en wist dat ik mei de skoare fan in lege fyftjin ek wol yn finale komme soe."
De finale is tiisdei 16 augustus om 20.30 oere.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op http://www.omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.