29 oanhâldingen yn earste wykein Snitswike

08 aug 2016 - 14:23

De plysje hat yn it earste wykein fan de Snitswike 29 minsken oanhâlden. De arrestaasjes wiene foar ûnder oaren fersteuring fan de iepenbiere oarder, mishannelingen en drugs. De plysje en gemeente Súdwest-Fryslân skatte yn dat der dit wykein yn totaal 100.000 minsken by de festiviteiten yn Snits wiene. Dêrmei wie it in "druk maar beheersbaar" wykein, sa seit de plysje. Der wiene gjin grutte ynsidinten, meldt teamsjef Marja Doosje fan Snits.

Njonken it Snitser sintrum kontrolearret de plysje ek in soad op it wetter. Dêr wurdt tasjoen op lûdsoerlêst, te hurd farren en alkoholgebrûk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)