KNRM minder faak yn aksje as oare jierren

It mei dan simmer wêze: de Koninklijke Nederlandse Redding Maatschappij (KNRM) yn Fryslân hat it oant no ta dit jier minder drok as oare jierren. Sa binne se fanút it rêdingsstasjon fan Harns dit jier sa'n 19 kear útfearn. Dat is folle minder as op itselde stuit yn 2015. Yn dat jier moasten se yn totaal 75 kear yn aksje komme.
Ek by oare Fryske rêdingsstasjons sjogge se dat der minder ûngelokken barre op it wetter, bygelyks op It Amelân. Dêr binne se oant no ta 10 kear yn aksje kaam tsjinoer 17 kear yn 2015.
Neffens Rudy Westra fan it rêdingsstasjon fan Harns besunigje minsken minder op ûnderhâldsbeurten foar de motor. Boppedat tinkt hy dat de kampanjes fan de KNRM ek holpen hawwe.
Op It Amelân binne ek de sifers fan it pasjinteferfier in stik leger as yn 2015. Sa wiene der rûn dizze tiid ôfrûne jier al 162 minsken ferfierd, tsjinoer 90 dit jier.
Oft de sifers lanlik ek sakje is noch net dúdlik. Dizze wurde faak pas oan de ein fan it jier bekend makke, sa seit in wurdfierder fan de KNRM.