Merke-attraksje Booster Maxx stiet ek moandei noch stil

08 aug 2016 - 12:59

De merke-attraksje Booster Maxx yn Snits stiet ek moandei noch stil. Snein ûntstie der in steuring yn de sechstich meter hege attraksje. Sechtjin minsken sieten inkelde minuten fêst yn de bakjes. De attraksje koe net mear fierder en is mei de hân en spanbannen nei ûnderen draaid sadat minsken derút koene.

De eigeners binne ek hjoed noch dwaande mei de reparaasje. Hoe't de steuring ûntstean koe, is net dúdlik. Omwenjenden lieten juster wol witte dat de attraksje in flink kabaal joech. "Alsof er een vliegtuig neerstortte.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)