UPDATE: Skûtsjes om healwei trijen los

08 aug 2016 - 12:08
  • De Sneker Pan, it skûtsje fan Snits

De skûtsjes fan de SKS geane moandeitemiddei om healwei trijen los op de Hegemer Mar by Wâldsein. Dan falt it tsien-minuteskot. Om tweintich foar trijen begjint de wedstriid.

It wie mar de fraach oft de silerij by Wâldsein moandeitemiddei trochgean koe. It waait behoarlik op de Hegemer Mar, mei wynfleagen fan krêft fiif oant seis.

Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier. Sjoch foar de folsleine útslach en it klassemint op de skûtsjeside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)