Willem Huizing krijt ien duel skorsing

08 aug 2016 - 11:18

SC Hearrenfean-spiler Willem Huizing hat fan fuotbalbûn KNVB ien duel skorsing krigen. Huizing foel snein yn yn de wedstriid tsjin AZ, mar krige binnen sân minuten twa kear giel en dus read. Sels wie er it net iens mei de beide kaarten: "By de earste kaart gong ik foar de bal en rekke ik de spiler net. By de twadde bleau ik efter de bal heakjen," sei er nei ôfrin.

Troch de skorsing mist de middenfjilder de thúswedstriid tsjin FC Utrecht, kommende freed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)