Partueren Hofman en Monfils winne keatspartijen fan snein

07 aug 2016 - 21:58
  • Marte Altenburg, Elly Hofman en Renske Terwisscha van Scheltinga (flnr)

De frijeformaasjepartij earste klasse yn Minnertsgea waard snein wûn troch Elly Hofman, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga. Sy fersloegen yn de finale Michelle Bruinsma, Mariska Hoogland en Annelien Broersma mei 5-1 en 6-4.

Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra hawwe snein it haadklassekeatsen yn Harns wûn. Se wiene yn de finale sterker as it partuer Iris van der Veen, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia. De lytse preemje wie foar it partuer Joukje Kuperus, Klasine Huistra en Marije van der Meer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)