Kaarten De Lawei goedkeaper

02 maaie 2012 - 16:49

Teater De Lawei yn Drachten ferleget de prizen foar foarstellings. It btw-taryf op kaarten is noch net salang ferlyn ferhege fan 6 nei 19 prosint troch CDA, VVD en PVV. Mar om't it kabinet fallen is, kin dy maatregel wolris opheft wurde. Dat is no noch net wis, mar guon teaters moatte de programmagidsen foar takom jier no wol printsje. De Lawei weaget de gok en ferleget de prizen.

By De Harmonie yn Ljouwert kinne se noch even wachtsje. Harren nije gids komt pas yn juny út.

Trefwurden: 
Teater Lawei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)