Minsken fêst yn de Booster op de merke yn Snits

Sechstjin minsken hawwe sneintemiddei in pear minuten fêstsitten yn 'e Booster op de merke yn Snits. Neffens in buertbewenner joech de attraksje om in oere of fjouwer hinne in flink kabaal. ,,Alsof er een vliegtuig neerstortte''.
De Booster is sechstich meter heech. Oan beide úteinen sit in bakje foar acht persoanen. De attraksje koe net mear fierder. Hy is mei de hân en spanbannen nei ûnderen draaid sadat de minsken derút koenen.
De gemeente lit witte dat de attraksje in motorsteuring hie en dat de minsken der sûnder panyk út kommen binne. Der wurdt no ûndersyk dien nei de oarsaak fan de steuring en wat de gefolgen binne.