UPDATE: Gjin misdriuw yn it spul, deade is man út Sint-Anne
Yn in sleat oan de Puoldyk yn Dronryp is sneintemiddei it lichem fûn fan in âldere man út Sint-Anne. Hy wie sûnt sneon fermist. De plysje hat de saak ûndersocht en is ta de konklúzje kaam dat der gjin misdriuw yn it spul is. It ûndersyk is dêrmei sluten. It lichem fan de man wurdt sneintejûn oerdroegen oan de famylje fan de man.